Jan van der Meer - Ondersteuning en begeleiding bij afscheid en rouw
Ik neem je mee.

Ik neem je mee mijn leven door
waar ik ook ga en sta
wat ik voel of in woorden ook bedoel
ik neem je mee mijn leven door.

Ik neem je mee mijn leven door
zelfs door de ergste kou
want ‘t leven is zo stil, zo leeg
zo intens eenzaam zonder jou

Ik neem je mee mijn leven door
al kan ik je niet meer zien
ik neem je mee mijn leven door
zodat ik je nog wel voel misschien

Ik neem je mee mijn leven door
ik ben niets hier zonder jou
ik neem je mee mijn leven door
omdat ik zo intens van je hou

Ik neem je mee mijn leven door 
ja zelfs de dood voorkomt dat niet
ik neem je mee mijn leven door 
ook in mijn tranen van verdriet.

Ik neem je mee mijn leven door
ook als voor mij dat leven gaat
ik neem je mee mijn dood ook in
totdat jij weer voor me staat

Dan nemen wij elkaar weer mee
een heel nieuw leven in
intens verweven met elkaar
samen weer een nieuw begin

Jan van der Meer.

--------------------------------------------------------------------------------------------------------

Het licht van één klein kaarsje 
 
Het licht van één klein kaarsje
ontstoken bij het licht der maan
maakt dat ik de liefde voel
liefde voor wat ik moest laten gaan.
 
Het licht van één klein kaarsje
verandert niet mijn diep gemis
maar doet mij stilstaan bij de dingen
nu mijn geliefde niet meer is.
 
Dat wat we samen deden
deelden in ons bestaan
tijd die we aan elkaar besteedden
alles voor elkaar gedaan.
 
In het licht van één klein kaarsje
komt alles weer bijeen
door tranen van gemis
lopen gelukkige momenten heen.
 
Ik neem je mee, mijn leven door
onzichtbaar en toch zo dichtbij
diep verscholen in mijn hart
blijf jij voor altijd dicht bij mij.
 
In het licht van één klein kaarsje
denk ik dus aan jou
en fluister ik zacht de woorden
dat ik intens van je hou.
 
Jan van der Meer.

------------------------------------------------------------------------------------

Yn alles.

Yn de rein fan 'e hjerst
fiel ik de triennen fan it gemis
Yn de wyn fan 'e winter 
fiel ik de kjeld fan dyn gean
Yn it bloeien fan 't foarjier
fiel ik dyn leafde foar my 
Yn de sinne fan 'e simmer 
fiel ik de waarmte dy't ús bynt 
Sa bist altyd by my
ek no'tsto hjir net mear bist.
Yn alles....

Jan van der Meer.

------------------------------------------------------------------------------------
Unsichtbere rêchsek.

Alle minsken nimme yn it libben
in ûnsichtbere rêchsek mei sich mei
dêryn ferburgen safolle dingen
sammele yn tal fan herinneringen.

Meastentiids is er wol te rissen
ja is er suver licht
mar somtiden is er swier fan triennen
en kin er hast net mear ticht.

Wit dan dat ik by dy bin yn sokke don'kre dagen
en ik til dan wol mei dy mei
opdat al dy hast net te rissen dingen
krekt wat lichter wurde meie hjir foar dy.

Jan van der Meer.

------------------------------------------------------------------------------------

Yn dyn hert dêr sit in krêft
soms hiel lyts en soms hiel grut
dat kinsto brûke wannear noadich
as it yn it libben lêstich wurd.

It is in krêft, sa grut en net te mjitten
ûnfoarstelber sterk yn dyn bestean
ek al silst it net altiid fiele
it sil altiid mei dy gean

Op momenten fan hiel grut fertriet
en sels ek yn dyn djipste pine
yn it gemis fan al wat wie
meisto yn dysels dy krêft wer fine

En slagget dat net alle dagen
dan is dermei ek neat ferlern
de minsken om dy hinne sille mei dy draache
dat wat in minsk allinich soms sa moeilik kin.

Wit dêrom: hoe tsjuster it ek wurd
hoe dreech en swier soms ek de tiid
dyn eigen krêft én de minsken om dy hinne
gean mei dy mei, sels yn dyn allergrutste striid.

Jan van der Meer.

------------------------------------------------------------------------------------

Lytse fûgel 

Yn de iere moarn hear ik dy sjongen 
sa foarsichtich hiel tichtby 
komst my ek hjoed it boadskip bringen 
oer 't begjin fan wer in nije dei 

Begjinne oan sa'n nije dei 
yn al myn ûnwennigens en gemis 
is hieltiid wer sa dreech foar my
is echt it swierste wat er is 

Want wêr is bleauwn myn doel en sin 
foar wa libje ik hjir nog 
it leafste wat ik hie is my ûntnaam 
myn triennen binne logysk toch ?

Lytse fûgel, as ik dy sa sjongen hear 
tink ik: wer krigesto dy moed dochs wei 
bisto dan nea immen ea ferlern 
kinsto gjin ferlies dan op dyn wei? 

Of is it miskien sa dasto mei dyn liet 
dyn djipste gefoel en dyn grutste fertriet 
útsjongst om ús witte te litten: 
harren dy't wy misse wurde nea wer ferjitten? 

Wolsto ús sizze mei dyn lûd 
diel watsto mist want dat is goed? 
Yn tinzen bliuwt de leafde dochs bestean 
foar allen dy't hjir fan ús hinnegean? 

Lytse fûgel, oan it begjin fan elke dei 
hoe dreech en swier dy somtiiden ek begjint foar my 
ik siz dochs tank foar dyn moaie liet 
it bringt my werom nei better tiid. 

Lytse fûgel sjong mar troch en troch 
ek yn al ús djip fertriet 
want yn dyn sjongen meie wy witte 
dat sels troch dea de leafde nea fergiet. 

Jan van der Meer.

---------------------------------------------------------------------------------------------------

Misse. 

De folle wêroms yn it libben
sykjend, wachtsjend
op in antwurd dat nea komt
hoe no fierder
yn dat alles
as alle drokte wer ferstomme is

Tinkend oan wat wie
en dat wat net mear is
swijend oer hoe't it fielt
dy iensumens en it gemis
soms wol ik dy hearre
en soms wol ik dy sjen
soms wol ik dy fiele
minske as ik bin

Loslitte kin ik net, wol ik net
hoecht ek net
do bist en bliuwst 
yn my
dyn hiele libben, dyn bestean
giet mei my mei
wêr't ik ek gean

Kom ik werom
by de wêroms
de wêroms yn hiel dit libben
wat docht it er noch ta
dat watsto hast libbet troch
yn gefoel, yn holle en yn 't hart
wat dy ek oerkomt
en wat dy ek yn 't libben bart

    Hâld fêst 
   oan alles dat wat is
     hoe grut
      ûnpeilber
          en hoe dreech it ek is
       dat ivige
       ivige gemis

      Jan van der Meer.

------------------------------------------------------------------------------------

Yn 100.000 sinnestrielen
bisto altiid by my
yn alle waarmte dy't ik fiel
sit hieltiid ek in stik fan dy.

Ik mis dy sa yn alles hjir
en wer ik ek kom as gean
hieltiid mar it byld fan dy
eltse dei yn it bestean

Wiest de moaiste, de bêste
it leafste wat ik hie
yn alles tichtby my
wer't ik ek gie

Troch hichten én delten tegearre op paed
dagen mei sinne, dagen mei skaad
mar wat de dei ek bringe soe
mei dy tichtby my wist ik dat ik 't koe.

No is alles oars
en is it sa oergriselik stil
mar yn al it gemis
wit dat ik dy nea ferjitte sil.

Want yn 100.000 sinnestrielen
bisto altiid by my
yn alle waarmte dy't ik fiel
sit hieltiid ek in stik fan dy.

Jan van der Meer.

------------------------------------------------------------------------------------


Website Builder
mogelijk gemaakt
door Vistaprint